Arends opnij Nederlânsk kampioen dûbeldspul

21 des 2019 - 19:04

Tennisser Sander Arends fan Ljouwert is sneon tegearre mei syn maat David Pel Nederlânsk kampioen dûbeldspul wurden. Arends pakt de titel foar de twadde kear. Ek ferline jier wûn er it NK.

Foto: Frans Arends

It duo Arends en Pel wie yn de finale te sterk foar har tsjinstanners Alban Meuffels en Guy Den Heijer. De Ljouwerter en syn maat wûnen yn in finale op heech nivo mei 6-4 en 6-2.

Toppers as Middelkoop, Haase en Koolhof diene net mei oan it toernoai.

(advertinsje)
(advertinsje)