FIDEO: Krystbeam yn Ljouwert komt fol mei winsken te hingjen

21 des 2019 - 18:44

Yn de Frijheidswyk yn Ljouwert ferfollet de saneamde Woonkamer fan Solidair Fryslân in wichtige funksje. Minsken komme dêr faak by inoar, want der is in soad iensumens. De winsk is om inoar faker op te sykjen. Sneon koe dat. By in spesjale krystbeam koe elkenien syn winsk kwyt, foar harren sels én foar oaren. Der kaam dan ek fan alles yn de beam te hingjen.

(advertinsje)
(advertinsje)