Bobslider Dennis Veenker trettjinde op wrâldbeker yn Königssee

Bobslider Dennis Veenker is sneon by de wrâldbekerwedstriiden yn it Dútske Königssee op it trettjinde plak einige. Mei Ivo de Bruin, Joost Dumas en debutant Stephan Huis in 't Veld sette de Fries fan Damwâld by de fjouwermansbob in tiid fan 1.39.44 del.
© Viesturs Lācis | IBSF
Dêrmei kamen de Nederlânske bobsliders 0.64 sekonde tekoart foar it earste plak. Dat gie, krekt as it twadde en tredde plak, nei de Dútske teams.
Freed kaam Veenker ek al yn aksje yn de twamansbob. Yn dy wedstriid waard hy, mei ploechgenoat Ivo de Bruin, tsiende yn in tiid fan 1.39.87.