Brânwacht slacht alarm oer gefaarlike pelletkachels

De ôfrûne twa jier hawwe der yn Fryslân, Grinslân en Drinte sântich brannen west mei pelletkachels. Dat skriuwt de NOS op basis fan in ûndersyk fan de brânwacht Noard-Nederlân.
Brânwacht yn aksje nei brân mei pelletkachel © CAMJO Media
De Nederlandse Haarden en Kachelbranche (NHK) seit dat der yn hiel Nederlân sûnt de yntroduksje fan subsydzje foar pelletkachels yn 2016, nei alle gedachten hûnderten brannen west hawwe mei de kachels.
De NHK en it team Brânûndersyk Noard-Nederlân slaan sneontejûn yn it telefyzjeprogramma Kassa alarm oer de saak. Mooglik binne der tûzenen ûnfeilige pelletkachels yn Nederlân, sa meldt it programma.
De brannen soene ûntstean troch flaters by de ynstallaasje en it ûnderhâld. Sa soene der bygelyks regelmjittich reekgasôffieren brûkt wurde, dy't gewoanwei by gaskachels brûkt wurde. Dizze binne perfoarst net geskikt foar houtstookte apparaten.

Tûzenen kachels

Der binne yn Nederlân sa'n 65.000 pelletkachels, ûngefear 44.000 dêrfan binne mei subsydzje boud. Keapers kinne minimaal 500 euro subsydzje krije, as se in pelletkachel oanskaffe. Sûnt de regeling ynfierd is, is der sa'n 28 miljoen euro útkeard. De regeling hâldt oan de ein fan dit jier op, yn ferbân mei de útstjit fan stikstof, koalmonokside en fynstof.