Hûnderten krystmanlju en -froulju drave troch Ljouwerter binnenstêd

Drave yn in knalread Krystmannepak foar it goeie doel. Foar de sânde kear waard sneontemiddei de Santarun yn Ljouwert hâlden.
Santarun Ljouwert
Goed tûzen dielnimmers draafden in rûntsje fan 2,5 kilometer dwers troch de stêd hinne. De opbringst fan de Santarun giet dit jier nei de Fryske Stichting Stoereloer. Dizze organisaasje organisearret yn de simmer in kreative projektwike mei in ferskaat oan workshops foar bern fan 6 oant 13 jier. Sa kinne bygelyks bern dy't opgroeie yn in efterstânssitewaasje even ûntspanne yn de fakânsje.
Nei de run wie der noch in feestje by kafee Neushoorn.