Jitty van der Werf hâldt op by Farmers Defence Force
Jitty van der Werf, bestjoerslid fan Farmers Defence Force, hâldt fuortendaliks op mei har wurk by de aksjegroep. Der soe in ferskil fan ynsjoch wêze mei de oare bestjoersleden.
It beslút om op te stappen, soe neffens Van der Werf yn oerlis mei de oare bestjoersleden ta stân kaam wêze. Se wol mear frijheid hawwe, en har mear en spesifyk rjochtsje op Fryslân. De agraryske sektor hjir soe neffens har oars wêze as dy yn de rest fan it lân.
Nije stichting
Van der Werf is fan doel om no mei melkfeehâlders Sjoerd Mensonides en Hyke Anema in nije stichting op te rjochtsjen: Stichting Belangen Agrarysk Fryslân. De nije groep wol opkomme foar de belangen fan de Fryske boer. Dat wolle se dwaan troch petearen mei oerheden, oplûke mei oare lânbou-organisaasjes en sels aksjes te organisearjen.
Moandei moat de stichting rûn wêze, en de webside yn de loft gean.
Van der Werf seit dat se op goeie foet ôfskie naam hat fan Farmers Defence Force, en dêrom yn de takomst ek de koördinaasje fan harren aksjes yn Fryslân dwaan bliuwe sil.
Al it nijs oer de boereprotesten is te finen op ús spesjale dossierside, op omropfryslan.nl/dossier/stikstof.