Gerrit út De Westereen lang om let wer thús út Utopia-kamp

Gerrit de Haan (24) fan De Westereen is wer thús. Achttjin moanne lang hat er ûnderdiel west fan de opnames fan it telefyzjeprogramma Utopia 2.
Gerrit út De Westereen lang om let wer thús út Utopia-kamp
Oardel jier yn deselde omjouwing sitte, mei in ferskaat, mar altyd fjirtjin minsken. In soad dielnimmers rêden it net op, mar Gerrit de Haan fan De Westereen, oerlibbe alle stimrondes, en bleau oant de ein yn it reality-programma.
Op 18 juny 2018 wie er foar it lêst in echt 'frij man'. Doe giene de poarten fan it Utopia-kamp efter him ticht. It libben fan Gerrit wie dêrnei live fia ynternet en alle dagen op telefyzje te folgjen. It tal folgers dat de Westereener op social media hie, is yn dy tiid groeid fan 800 oant mear as tweintichtûzen.

Janke

Hy seach it reality-aventoer benammen as in soarte proef foar himsels, om't er wol in bytsje in lúkseminsk is.
"Het einde van Utopia was wel een zware periode", fertelt er. "De finale is wel een ieder voor zich strijd, en ik heb daar meer gejankt dan dat ik buiten Utopia heb gejankt."
Utopia wie oardel jier lang it 'thús' fan Gerrit. "Je weet niet meer beter", mar no't er wer yn syn eigen omjouwing is, went dat ek wer gau.
Ferslachjouwer Ben de Jager yn petear mei Gerrit de Haan