Auto fljocht dwers oer rotonde by Lauwerseach

21 des 2019 - 13:57

By Lauwerseach is sneon in bestjoerder yn syn auto fan de Lauwersseewei dwers oer de rotonde flein. Dat barde op it plak dêr't de Kustwei oergiet yn de Gerbrandywei. De auto kaam fan Grinslân rjochting ús provinsje en hat by de rotonde twa ferkearsbuorden rekke. De bestjoerder kaam úteinlik yn de boskjes telâne mei syn auto.

Foto: ProNews

Nei it ûngelok is der in ambulânse op it plak kaam, mar it is net bekend oft de man ferwûne rekke is.

(advertinsje)
(advertinsje)