Troch dizze Fries kinne wy it gefjocht tusken Rico-Badr op telefyzje sjen

21 des 2019 - 12:46

Yn it Gelredome yn Arnhem stiet sneon it gefjocht tusken de kickboksers Rico Verhoeven en Badr Hari op it programma. Dêr wurdt al moannen oer sprutsen. Yn 2016 stiene de mannen foar it earst tsjinoer inoar, mar doe hold de wedstriid op fanwegen in blessuere fan Hari. It spektakel moat yn 127 lannen útstjoerd wurde, en dêr is in Fries foar ferantwurdlik: Erik Pronk fan Frjentsjer. Hoe sjocht hy foarút nei de wedstriid?

Badr Hari en Rico Verhoeven - Foto: ANP

"Ik bin technysk producer foar de telefyzje en ik bin ferantwurdlik foar it hiele kamerabarren, de útstjoering en de satellytferbiningen," leit Erik Pronk út. Hy is net senuweftich foar de wedstriid, om't hy wol mear grutte putsjes dien hat. "Wy dogge it ek wol by de Olympyske Spelen, dus wy binne wol wat wend."

127 lannen

Dochs wurdt de wedstiid tusken Rico en Badr útstjoerd foar 127 lannen. "Wy stjoere oeral nei de wrâld út. Op alle kontininten binne wy te sjen, foar miljoenen sjoggers." It soe net bêst wêze as der dan wat ferkeard giet. "Der kin altyd wat ferkeard gean, De nachtmerje soe wêze dat dy ferbining der út falt. As der dikke wolken tusken de satellytwein en de satellyt komme te stean, dan is it efkes klear. Mar it liket der wol goed út te sjen."

Der klear foar

Pronk fertelt dat se der eins wol klear foar binne. "Om fjouwer oere middeis geane de doarren iepen. Wy binne klear mei de tariedingen, op dit stuit hoecht der neat mear te barren. Wy binne woansdei úteinset, doe is it fjild der yn it Gelredome út gien en fan doe ôf hawwe wy mei goed 350 man dwaande west om dizze fuotbaltimpel om te bouwen, dat is aardich slagge."

Respekt en testosteron

De telefyzjeman seit dat de twa manlju net de hiele jûn folje. "Der binne noch 13 oare partijen njonken Badr en Rico, dy spylje dêr foar. Mar de beide mannen binne rêstich en sy hawwe der betrouwen yn. Wat ik moai fûn is dat sy by de staredown in hân en in knuffel jûn hawwe. It is dochs wol in sport mei in soad testosteron, en je moatte fansels wol in bytsje lilk wêze om de tsjinstanner hurd op de kop te slaan. Mar it binne echte sportmannen, sy hawwe respekt foar inoar en witte hoe hurd se dêr foar wurke hawwe."

Pronk niget noch it meast nei Rico Verhoeven, mar hy wit net wa't der winne sil. "Ik haw der gjin sicht op, it kin alle kanten út. Sy hawwe beide in soad konsintraasje."

Erik Pronk fan Frjentsjer

(advertinsje)
(advertinsje)