Stichting Musea Noardeast Fryslân ûndersiket mooglikheden fan grut legaat

21 des 2019 - 13:24

Stichting Musea Noardeast Fryslân hat in grut legaat krigen fan Jan Zwart, dizze bekende en yn novimber ferstoarne ynwenner fan Moddergat hat yn syn testamint in buorkerij, replik goed en in jildbedrach neilitten oan de stichting. Bestjoersfoarsitter Ger Heeringa jout oan dat de stichting tankber is foar it skinken. Wol moat der neffens de stichting foar it oannommen wurdt ûndersocht wurde wat de konsekwinsjes binne.

Museum ’t Fiskershúske - Foto: Wikimedia Commons

Sa soe der sjoen wurde moatte oft de buorkerij en it ferhaal fan de famylje Zwart binnen it konsept fan Museum 't Fiskershúske passe. Ek wol de stichting ûndersykje oft der efterstallich ûnderhâld is oan de pannen, hoe't it mooglik ekploitearre wurde kin en oft de ynboel in plak krije moat yn de museumkolleksje. Ynkoarten sil it bestjoer in beslút nimme oer it legaat fan Jan Zwart dy't op 3 novimber ferstoar, 84 jier âld.

De hannel fan Jan Zwart

Jan Zwart (1934-2019) wie in gutte bekende yn it doarp. Hy wie net troud, lykas syn broer Dirk dy't by him yn wenne en dy't ferline jier ferstoar. Dirk wie boer, mar dat wie neat foar Jan, sa skreau it Reformatorisch Dablad yn 2011. Jan gie nei de mulo. "Ik koe goed leare, mar ik krige yn de twadde klasse tbc. Twa jier lang lei ik yn in tinte fan it Griene Krús. Doe't ik wer sûn wie, wie ik 17 jier. Ik bin net werom gien nei de mulo, ik bin de praktyk fan it libben yn stapt."

Jan keas foar de hannel, mei de transportfyts by de boeren del. "De saken giene goed. Letter kaam de grutte auto. Ik ferkocht allerhanne tekstyl, lykas ûnderguod, handoeken, teedoeken, seemlearen en letter ek konfeksje, lykas japonnen, rokken en blûzen. Foar de manlju ûnder oare broeken, boesgroentsjes, jacks. Ek presintearre ik altyd klean op foar- en neijierseksposysjes yn sân âldereintehuzen en doarpshuzen." Jan hold dêr in 2002 mei op. "Doe kaam de euro. Myn klanterûnte broazele ôf, jonge minsken woene harren net mear bine oan myn persoan."

(advertinsje)
(advertinsje)