Stefan van der Pal swimt in meunstertraining foar de krystdagen

21 des 2019 - 10:19

Ultra-atleet Stefan van der Pal út Ljouwert is sneontemoarn betiid fan start gien mei syn meunstertraining: swimme oant en mei earste krystdei. Van der Pal docht dit yn tarieding op syn Alvestêdeswimtocht yn de simmer fan takom jier.

Foto: Omrop Fryslân

De ultra-atleet sil alle dagen tolve oeren swimme yn swimbad Kalverdijkje yn Ljouwert. Op de dei foar de krystdagen en in part fan earste krystdei sil hy sels 24 oeren efter inoar swimme. Van der Pal is dan earste krystdei moarns om seis oere klear mei syn meunstertraining. Sneintemoarn tusken healwei njoggenen en healwei alven kinne belangstellenden mei Stefan van der Pal meiswimme yn swimbad Kalverdijkje.

(advertinsje)
(advertinsje)