OmropTIP: 'Moard en lulkoek yn de Wâlden'

21 des 2019 - 09:44

Yn de FryslânDOK 'Moard en lulkoek yn 'e Wâlden' wurdt tweintich jier nei de moard op Marianne Vaatstra weromsjoen oan de hân fan it argyf en in lochboek fan de yn oktober 2018 ferstoarne Nettie Groeneveld. Yn 1999, de tiid fan de moard, wie Nettie Groeneveld direkteur fan it asylsikerssintrum yn Kollum. Yn de omkriten libbe it idee dat de dieder in asylsiker wie. It azc krige bedrigingen en waard swier befeilige.

De oankundiging fan in nij azc late ta grut ferset yn de mienskip. Op in ynformaasjejûn waard de boargemaster fan Kollum mei aaien bekûgele. Dêropfolgjend waard yn Ingelân in nije term yntrodusearre. 'To Kollumise': it ferset tsjin de komst fan asylsikers.

Foto: Omrop Fryslân

Groeneveld wie ferantwurdlik foar de feiligens fan har meiwurkers en bewenners fan it azc. Guon personielsleden hiene PTSS-klachten. Groeneveld fielde har persoanlik bedrige. De druk dy't de famylje Vaatstra lei op de oplossing fan de moard, makke it der net makliker op.

De wurdfiering fan it azc wie doedestiids sintraal regele, wêrtroch't Groeneveld en har meiwurkers harren kant fan it ferhaal net kwyt koene. De strategy fan radiostilte hat der neffens Groeneveld foar soarge dat de saak net fierder eskalearre is.

Nettie Groeneveld - Foto: Omrop Fryslân

Annet Huisman makke dizze FryslânDOK en ynterviewde Nettie Groeneveld. Oer har oantinkens oan de azc-tiid seit Groeneveld: "It is in wier ferhaal. Oare minsken dy't belutsen wiene by dizze skiednis, sille in oar ferhaal hawwe. Ik ha besocht út te drukken dat der net ien werklikheid bestiet, mar meardere."

Yn novimber 2019 wûn Annet Huisman mei de film in 'Noorderkroon' op it Noordelijk Filmfestival.

Foto: Omrop Fryslân

De Fryslân DOK is te sjen op sneon 21 desimber by NPO2 om 15.30 oere (mei Nederlânske ûndertiteling). Omrop Fryslân stjoert de film op snein 22 desimber út fan 17.00 oere ôf (werhelling alle oeren).

(advertinsje)
(advertinsje)