Kollum: "Goeie Mie"

21 des 2019 - 08:25

"Op it begraafplak yn Posterholt stiet in bysûndere stien. Posterholt is in tsjerkedoarp súdlik fan Roermond en de measte Friezen sille der grif nea west hawwe. Flakby Posterholt leit it buorskip Putbroek. Dêr fûn yn 1931 in drama plak. Op in kâlde, heldere novimberjûn, krekt nei middernacht, klinke der knallen. Hagelgewear en pistoalskotten wurde der waarnommen. Nimmen kin mei wissichheid sizze hoefolle.

Ferdinand de Jong - Foto: Omrop Fryslân

De Toan fan Ferdinand de Jong

De minsken binne net ûnder de yndruk, der wurdt yn dy tiid omraak smokkele yn dy grinsstreek mei Dútslân. As de oare moarns trije jongfeinten mist wurde, is der noch altyd gjin panyk. Sy soene wol te strûpen of smokkeljen wêze. Geandewei de dei wurdt de mem fan de bruorren Willem en Mathias Kersten ûngerêst. De oare moarns komt der in neispoaring op gong, dy't resultearret yn de fynst fan de trije misten. Se binne allegearre bedobbe yn de bosk en troch meardere kûgels om it libben brocht.

Letter wurde boskwachter Hendrik van Elzen en syn soan Mathijs oanholden as fertochten. It docht bliken dat de kûgels út ien fan de pistoalen komme dy't yn it hûs fan Van Elzen oantroffen binne. Nei oanlieding fan de grouwélige saak komt ek it wei-wêzen fan Willem Roubroeks wer op it aljemint. Dy like ek in dei as wat ûnder wetter, mar kaam net wer thús. Op tsien minuten rinnen fan it plak dêr't de trije omskotten fûn waarden, wurdt ek it lyk fan Roubroeks ûntdutsen.

Van Elzen en syn soan wurde ta respektivelik 20 en 8 jier finzenis feroardiele, wylst se de saken ûntkenne. De soan komt dêr op werom en leit in folsleine bekentenis ôf, yn ruil kriget er straffermindering. Hy wennet in jier yn Frankryk, mar komt werom nei Posterholt, dêr't er yn 1942 oan tbc ferstjert. Hy wurdt dêr ek begroeven. Syn heit bliuwt ûntkennen en komt pas nei it útsitten fan syn hiele straf werom nei Posterholt, dêr't er wer opnommen wurdt yn de lytse mienskip. Yn 1954 komt er yn it selde grêf as syn soan te lizzen. Dat grêf blykt noch te bestean. It is net romme. It stiet ek net op nominaasje om romme te wurden. It rêstplak fan dizze moardners kin gewoan besocht wurde.

Ik moast oan IJje Wijkstra tinke, de ferneamde Fryske moardner, dy't op 18 jannewaris 1929 fjouwer fjildwachters ombringt. Hy wurdt yn 1941 fan de finzenis yn Ljouwert oerbrocht nei it kranksinnigengesticht yn Eindhoven. Dêr giet er in wike as wat letter dea, ek al oan tbc. Hy leit op begraafplak Woensel, in lyts ûneachlik stientsje stie op syn grêf.

Noch in romrofte moardner is Maria Catharina Swanenburg. Har moaie namme ferblommet har duvelske dieden. Sy hat de twiveleftige eare om fermelden te wurden yn it Guinness Book of Records as de grutste gifminger aller tiden. Se soarge foar âldere minsken yn Leiden. Dêrtroch krige se de bynamme Goeie Mie. Se waard op hannen droegen, om't se goed wurk die. Mar tagelyk sleat se stikem begraffenisfersekeringen foar dy minsken ôf. Dêrnei fergiftige se harren. Mear as hûndert. 27 oerlibben it net.

Goeie Mie fergiftige hiele hûshâldingen, mei lytse bern der by. Ek har eigen famylje sparre se net, allegearre om it jild. Se waard feroardiele ta libbenslang yn it tichthûs fan Gorinchem, se ferstoar yn 1915 doe't se 71 wie en waard op it hôf brocht op it roomske begraafplak. Se krige gjin stien, mar it plak is noch nea wer brûkt, dus leit se der noch. Grêfnûmer 382, mochten jimme belangstelling hawwe.

Op in soad plakken dêr't minsken ombrocht binne, waarden saneamde moardkrusen oprjochte. Somtiden moast dat as straf, oplein oan de dieder. In plak dêr't je de slachtoffers betinke koene. In soad binne ferdwûn, mar hjir en dêr der binne noch guon bewarre bleaun. Ek yn Fryslân. It binne plakken om minsken te betinken, moardners en slachtoffers. Dêrtroch hawwe se allegearre in hiele oare lading en binne net mei inoar te ferlykjen."

(advertinsje)
(advertinsje)