Autobrân yn Wolvegea, mear skea foarkommen

21 des 2019 - 07:32

Yn Wolvegea hat yn de nacht fan freed op sneon in auto yn 'e brân stien oan de Merelstraat. De auto stie op de oprit njonken in wente. De bewenner en omwenners besochten it fjoer mei in túnslang en brândwêsters mei poeier te bestriden, mar oant de brânwacht kaam baarnde de auto noch as in lôge.

Foto: ProNews

De brânwacht hat it fjoer gau útkrigen, dêrtroch koe skea oan it hûs foarkommen wurde. Hoe't de brân ûntstean koe, is net bekend.

(advertinsje)
(advertinsje)