Ofskiedsresepsje Kramer: wat sille politisy it meast en it minst misse?

Johannes Kramer hat earder dizze wike offisjeel ôfskied nommen as deputearre, mar freed wie syn ôfskiedsresepsje op it Provinsjehûs yn Ljouwert. It ôfskiedsfeest wie net kompleet sûnder in hapke en in drankje én Kramer krige fan ferskate Fryske politisy kado's as tank foar syn wurk as deputearre.
© Omrop Fryslân
Nei tweintich jier hâldt Kramer op mei de provinsjale polityk. Hy wie acht jier Steatelid, dêrnei acht jier deputearre en no wurdt Kramer boargemaster fan de gemeente Noardeast-Fryslân.
Wy koene ek aardich bekfjochtsje yn it kolleezje tegearre, in bytsje as bruorke en suske.
Sietske Poepjes, deputearre

Meast misse

Oan ferskate Fryske bestjoerders is frege wat sy it meast en it minste misse sille oan Johannes Kramer. Deputearre Sietske Poepjes sil benammen syn gefoel foar humor misse. "Wy koene ek aardich bekfjochtsje yn it kolleezje tegearre, in bytsje as bruorke en suske. It is mar goed dat de gewoane Fries dat net sjoen hat, want dan soe it betrouwen yn de polityk tink ik hiel hurd fuort gean. Mar dat sil ik hiel slim misse, want kleare leafde wie dat," seit Poepjes.
Corlienke de Jong fan Kramer syn eigen partij de FNP fynt dat hy in enoarme passy hat foar Fryslân. De Jong: "Dus net allinnich syn portefúlje, mar ek foar de taal, foar de kultuer. Hy hat Fryslân altyd op hannen droegen en kinst altyd by him terjochte. Hy hat in enoarme steat fan tsjinst. Ja, dat sil ik toch wol misse.'
© Omrop Fryslân

Saakkundich bestjoerder

Kommissaris fan de Kening Arno Brok hie in bytsje lêst fan syn stim, mar woe noch wol graach wat oer Kramer sizze: "It is in saakkundich bestjoerder, it is in noflik mins. Hy is linich dêr't hy linich weze moat, hy is sa dúdlik as wat dêr't er dúdlik wêze moat. Hy ynvestearret yn it kollektyf en hy strielet út dat we it mei inoar dogge, foar Fryslân."
Steatelid Avine Fokkens fan de VVD sil syn empatysk fermogen misse en koe by Kramer terjochte mei bepaalde fragen dy't har dwaande holden. "Ik kon altijd goed met hem praten over zaken, gewoon een beetje spiegelen met elkaar van hoe kijk jij tegen bepaalde zaken aan. Dat heb ik heel erg gewaardeerd aan Kramer," seit Fokkens.
It is in 'sloddervos,' freeslik.
Arno Brok, kommissaris fan de Kening

Minst misse

Mar de Fryske politisy sille ek in oantal saken net misse oan Kramer. Kommissaris fan de Kening Arno Brok: "Dy rotsoai yn syn keamer altyd, op dat dressoir. Dy troep, oeral in binde. Dus ik tink ek dat se yn dat gemeentehûs fan Noardeast-Fryslân der ien op sette moatte dy't ien kear yn de moanne mei de kliko binnen komt en alles der yn smyt, want it is in 'sloddervos,' freeslik.' Fokkens seit dat hy ek behoarlik grommich wêze koe. "Dan kon hij wel eens een beetje bout uit de hoek komen."
"Hy wurdt echt hiel lilk as ik dit sis," begjint Sietske Poepjes. "Hy hat wolris fan dat roas op syn skouders, op syn jaske lizzen, en dat kloppe hy dan hiel pontifikaal út. En dan siet dat roas oeral. En dan tink ik, jeetje, kin dat jaske ek efkes earne oars útkloppe wurde?" Corlienke de Jong fynt dat hy 'altyd ferskriklik hurd tinkt, foarút tinkt'. "Dat je him net byhâlde kinne en dêr wurde je akút senuweftich fan'.
Fryske politisy oer it ôfskied fan Kramer