Dreyer ferfangt blessearre Odgaard tsjin Heracles Almelo

21 des 2019 - 07:00

Anders Dreyer makket sneontejûn foar SC Hearrenfean syn basisdebút yn de wedstriid tsjin Heracles Almelo. De 21-jierrige Dreyer, dy't dit seizoen hierd is fan Brighton & Hove Albion, is de ferfanger fan Jens Odgaard.

Anders Dreyer ferfangt Jens Odgaard - Foto: www.orange-pictures.nl

Odgaard is yn it bekerduel mei Roda JC blessearre rekke oan syn foet en is wikenlang út de rûlaasje. "We hadden verschillende opties", sa seit Johnny Jansen, "maar we willen ook niet alles overhoop gooien."

Johnny Jansen oer Anders Dreyer:

"Chiddy (Ejuke, red.) en Mitchell (van Bergen, red.) op de zijkanten betekenen veel voor ons, dat willen we graag zo houden. We denken dat we goed naar Anders toe kunnen voetballen. Bovendien is hij technisch vaardig, hij heeft diepte in zijn spel en kan zich laten uitzakken", seit Jansen.

Dreyer is oant no ta wol 10 kear ynfallen en skoarde tsjin RKC Waalwijk syn earste doelpunt yn tsjinst fan SC Hearrenfean.

Fermoedlike opstelling SC Hearrenfean: Hahn; Van Rhijn, Dresevic, Botman, Floranus; Kongolo, Faik, Veerman; Van Bergen, Dreyer, Ejuke.

SC Hearrenfean - Heracles Almelo begjint sneontejûn om 18.30 oere. Arjen de Boer docht ferslach by Omrop Fryslân op de radio.

(advertinsje)
(advertinsje)