De Hoeve keapet stik grûn om minsken yn it doarp te hâlden

Stichting Wonen De Hoeve hat freed in lytse boerepleats kocht oan de Hoeveweg yn it doarp. Se wolle dêr in pear huzen bouwe om minsken yn it doarp te hâlden.
© Google Street View
Earder kaam de stichting noch 144.000 euro tekoart, mar in oprop om ekstra jild te krijen, hat fertuten dien. In lytse fyftich persoanen ha mei-inoar it jild opbrocht.
Stichting Wonen De Hoeve wol op it terrein fan in heale hektare in lyts wykje meitsje mei dêrop likernôch fiif huzen foar minsken dy't yn De Hoeve wenjen bliuwe wolle, mar foar wa't no gjin wenten binne. Mei dat doel is de stichting ek oprjochte. De minsken dy't jild jûn ha, krije yn trije jier tiid twa prosint rinte.