Douwe Hooglandpriis foar frijwilliger Pyt van de Polder

Frijwilliger Pyt van de Polder fan de feriening Noardlike Fryske Wâlden hat de Douwe Hooglandpriis 2019 wûn. De feriening jout de priis oan ien fan de eigen frijwilligers as beleanning foar harren wurk.
De noardlike Fryske wâlden © A. Baken
Frijwilligers fan de feriening sette harren yn foar it behear fan it lânskip en de greidefûgels. Pyt van de Polder is ien fan de hast hûndert frijwilligers. Yn syn beskiedenens is er faak de stille krêft op de achtergrûn. Hy is in kenner fan it gebiet en is altyd dwaande mei de natuer, seit foarsitter Douwe Hoogland fan de sjuery.
De priis is nei Hoogland ferneamd omdat er fan 2006 en 2014 foarsitter fan de feriening wie. De priis is in jildbedrach fan 250 euro. De winner kin dêrfoar in idee foar in nij inisjatyf by de feriening yntsjinje.