Westertsjerke yn Ljouwert krijt lanlike subsydzje

20 des 2019 - 22:55

De Westertsjerke yn Ljouwert krijt in subsydzje fan it lanlike Fonds Podiumkunsten. De nije Westertsjerke iepene op 10 novimber fan dit jier. By it festival Explore the North wiene der ek foarstellingen yn de tsjerke.

Foto: Omrop Fryslân

It Fonds Podiumkunsten neamt de Westertsjerke "een bloeiende, nieuwe plek voor avontuur op het terrein van podiumkunsten, debat, wetenschap en meer". Inisjatyfnimmers Anne Madrid Y Lopez en Johan de Vries binne tige bliid mei de subsydzje. Om festivals as Explore the North plak biede te kinnen en om gear te wurkjen mei 'nije, frisse' makkers is de subsydzje wichtich, sizze sy.

Yn it nije jier is de Westertsjerke wer ien fan de lokaasjes fan Explore the North. Dêrneist trapet Leeuwarden UNESCO City of Literature syn aktiviteiten begjin 2020 ôf yn de Westertsjerke.

(advertinsje)
(advertinsje)