Kommissaris Brok beskermhear Alde Fryske Tsjerken

Kommissaris fan de Kening Arno Brok wurdt beskermhear fan de Stichting Alde Fryske Tsjerken. Hy fynt it wurk fan de Stichting Alde Fryske Tsjerken tige wichtich.
De tsjerke fan Wânswert © Stichting Alde Fryske Tsjerken
Fryslân hat it grutste tal tsjerken fan hiel Nederlân. De stichting hat 52 tsjerken, 2 klokkestuollen en 7 begraafplakken yn behear.
Foarsitter Jan Kersbergen fan de Stichting Alde Fryske Tsjerken is bliid mei de stipe fan Brok. Troch beskermhear te wurden, lit Brok sjen dat it wurk fan de Stichting fan grut belang is foar it Fryske erfgoed en it Fryske lânskip, seit Kersbergen.
De stichting fiert yn 2020 it 50-jierrich bestean. Yn it jubileumjier sille der in soad aktiviteiten plakfine.