'Muzikale tûzenpoat' Esther de Jong wint Fryske Poppriis

20 des 2019 - 21:40

Sjongeres Esther de Jong út Dokkum hat freed de Fryske Poppriis wûn. Dy waard útrikt by de Fryske Popawards yn kafee Neushoorn yn Ljouwert. De Jong hat har ûntwikkele ta in 'muzikale tûzenpoat', seit de sjuery. De publykspriis gie nei it Ljouwerter festival Promised Land.

Nei't se de priis wûn, spile Esther de Jong noch it nûmer 'Verspilde tijd':

Earder dit jier tekene De Jong in platekontrakt by Excelsior. Takom jier bringt se har earste EP út. Oer dit jier: "Veel nieuwe dingen gedaan, repeteren met nieuwe mensen, nieuwe plannen maken. Normaal doe ik dingen alleen, en nu komen daar allemaal andere mensen bij. Heel leuk, maar nu moet ik communiceren en zo." Esther de Jong is de opfolger fan Joost.

De Jong krige mear stimmen as The Homesick en Magnificence. The Homesick komt ek út Dokkum. De band bringt yn febrewaris syn twadde studio-album út. De ôfrûne wiken kamen al twa nûmers fan dy nije plaat online. It nije album wurdt útbrocht by it grutte platelabel Sub Pop. Magnificence is in DJ-duo út Ljouwert, dat dit jier ûnder oare bekend waarden mei in gearwurking mei Peugeot yn in reklame. Se meitsje dancemuzyk.

De reaksje fan Esther de Jong:

Promised Land krijt 48,3% fan stimmen

Elkenien koe by Omrop Fryslân stimme foar de Publykspriis. It festival Promised Land krige mei 48,3% fierwei de measte stimmen. Earder dizze wike waard bekend dat it takom jier net trochgean kin, fanwegen te min kapasiteit by de plysje.

Bobby Veenstra fan Promised Land:

Yn syn tankwurd referearre Bobby Veenstra fan de festivalorganisaasje ek oan dat nijs. "Wij voelen ons ontzettend gesteund door jullie."

De foarsprong fan Promised Land op de oare nominearren wie grut. Dokk'em Open Air krige mei 11,9 persint de twad measte stimmen en Into the Grave waard tredde mei 8,5 persint fan de stimmen. Yn totaal wiene der tsien nominearren.

WIEBE wint Bernlef Priis

De band WIEBE krige de Bernlef Priis. Dat is foar in artyst of organisaasje dy't de measte betsjutting hat foar it Frysk. De twadde priis wie foar Sjoerd ensa en de tredde foar it festival Liet. De nije opset fan dat festival wurdt wurdearre.

Talent Award nei Noorderlicht

De Talent Award gong nei it hiphoptrio Noorderlicht út Nijemardum. Singer-songrwiter Boaz waard twadde, doomband Ganos Lal tredde.

3VOOR12/Friesland makke ek it Fryske album fan it jier bekend. Dy eare gong nei I-lonca, foar har EP mei deselde titel. Omen fan de band Atmoran krige de measte stimmen by de ferkiezing Song van het Jaar.

Sjoch de awardshow hjir:

De Fryske Popawards binne de tradisjonele ôfsluting fan it popjier yn Fryslân. De organisaasje leit yn hannen fan Friesland Pop, dit jier yn gearwurking mei Iepen UP, 3VOOR12/Friesland en Omrop Fryslân. De ôfrûne jierren waarden de prizen útrikt op it Freeze Festival, dat no net mear bestiet.

(advertinsje)
(advertinsje)