Frisia ferbetteret mjittingen nei gefolgen sâltwinning Waadsee

20 des 2019 - 20:21

Sâltwinningsbedriuw Frisia út Harns sil de mjitmetoaden nei de gefolgen fan sâltwinning ûnder de Waadsee ferbetterje. Dat docht it bedriuw nei advys fan de ûnôfhinklike kommisje Zoutwinning Waddenzee.

Foto: Omrop Fryslân

"Op basis fan ûndersyk blykt dat de Waadboaiem net sakket en net sakje sil", seit direkteur Durk van Tuinen fan Frisia. "Troch de sâltwinning goed te monitoarjen, ha we folsleine wissichheid en binne eventuele effekten sichtber."

Net alles goed genôch

Frisia hat in jier lyn in nulmjitting dien. De kommisje seit dat dat brûkbere ynformaasje opsmiten hat, mar in diel fan de mjittingen is noch net goed genôch. It is bygelyks noch net bekend wat de gefolgen binne foar strânljippen, bûnte grillen en mientsen. Dêr sil Frisia de kommende moannen mei oan de slach.

As der wol boaiemdelgong komt of as de natuer yn en by de Waadsee lêst hat fan de sâltwinning, dan wurdt dat stillein.

Frisia wûn earder altyd sâlt op it lân. Dêr hâldt it bedriuw ynkoarten mei op, om no it wurk dus te ferpleatsen nei see.

Trefwurden: 
Waadsee Frisia sâltwinning
(advertinsje)
(advertinsje)