FIDEO: Fryske Popawards wurde útrikt yn IepenUP Live

20 des 2019 - 19:30

De Fryske Popawards waarden dit jier op 20 desimber bekend makke yn in spesjale útstjoering fan IepenUp Live yn gearwurking mei Omrop Fryslân. Yn in spesjale ôflevering fan IepenUP Live waard in hiele trits oan prizen útrikt.

Sjoch de Fryske Popawards werom:

Publykspriis

Oant freedtejûn 20.30 oere wie it foar it publyk noch mooglik om in stim út te bringen foar de Publykspriis. Der wiene tsien nominearren dêr't op stimd wurde koe.

Neist de prizen wiene der optredens fan Ski & Simba, Esther de Jong, Minke & Lucia en It Dockumer Lokaeltsje. De presintaasje wie yn hannen fan Willem de Vries en Marianne Klijnstra.

IepenUP Live wurdt alle woansdeis útstjoerd út Neushoorn yn Ljouwert wei. Belangstellenden binne wolkom fan 19.30 oere ôf. De tagong is fergees. De útstjoering is fan 20.00 oere ôf te folgjen fia in livestream op de Facebookpagina's fan IepenUP en Omrop Fryslân, Omropfryslan.nl en de Omrop-app.

(advertinsje)
(advertinsje)