Friezen tefreden mei soarch en soarchfersekerder

20 des 2019 - 18:46

Friezen binne fan Noard-Nederlân it meast tefreden oer de soarch dy't se krije en oer de soarchfersekerder. Dat docht bliken út ûndersyk fan de Hanzehogeschool Grins. Noarderlingen fine de dekking fan harren soarchfersekerder wichtiger as de priis. Mar oer dy priis binne se wol it minst tefreden.

Foto: Omrop Fryslân

It ûndersyk rjochte him op hoe't bewenners yn Noard-Nederlân feroarje fan soarchfersekerder. Derút docht bliken dat net mear as tsien prosint deroer neitinkt om fan soarchfersekerder te feroarjen. De stekproef is dien ûnder goed 1000 minsken út Noard-Nederlân.

Fan de Friezen is 78 prosint tige tefreden oer de soarch dy't sy yn de regio ûntfange. Minsken mei in heger ynkommen binne mear tefreden. Froulju hechtsje mear belang oan de mooglikheid om fan soarchfersekerder te feroarjen. Ek docht bliken dat hoe't âlder minsken wurde, hoe lytser oft de kâns is dat minsken oerstappe.

Yn Fryslân is de loyaliteit nei de soarchfersekerder ta it grutst. Dat is diels te ferklearjen troch it grutte merkoandiel fan De Friesland Zorgverzekeraar.

(advertinsje)
(advertinsje)