F-16's út Ljouwert befeiligje fan jannewaris ôf wer loftrom Benelúks

20 des 2019 - 17:52

Fleanbasis Ljouwert sil de feiligens yn it loftrom fan de Benelúks fan 9 jannewaris ôf wer yn de gaten hâlde. Dizze Quick Reaction Alert-taak wurdt útfierd troch F-16's.

In F16 - Foto: Shutterstock.com

Ien fan de taken fan de Koninklijke Luchtmacht is om adekwaat te reagearjen op skeiningen fan it loftrom boppe Nederlân, België en Lúksemboarch. Om dy reden binne der 24 oeren deis, 7 dagen yn 'e wike twa F-16's beskikber.

(advertinsje)
(advertinsje)