De Friesland slút kontrakten mei alle Fryske sikehuzen

Soarchfersekerder De Friesland hat mei alle Fryske sikehuzen kontrakten sletten foar it leverjen fan medyske soarch. Mei it Antonius Sikehûs yn Snits is in kontrakt sletten foar trije jier, mei Nij Smellinghe yn Drachten en it MCL yn Ljouwert foar ien jier.
© Omrop Fryslân, Hayo Bootsma
De Friesland en sikehûs Tjongerskâns op It Hearrenfean hiene ferline jier al in kontrakt sletten, foar trije jier.
Mei it sikehûs yn Snits hat de soarchfersekerder ek ôfspraken makke oer it werombringen fan de administrative lêsten. Dêrtroch is it personiel minder tiid kwyt mei de administraasje en is der mear tiid foar de pasjint, is de bedoeling.