Cambuurspilers Mühren en Jacobs tsjin Excelsior wer beskikber

20 des 2019 - 16:41

Trainer Henk de Jong kin snein yn de lêste kompetysjewedstriid fan 2019 wer beskikke oer Robert Mühren, Jamie Jacobs en sels Delano Ladan. De earste twa diene net mei yn de bekerwedstriid fan tongersdei tsjin Feyenoord en Ladan foel dat duel út. Se reizgje alle trije mei nei Rotterdam foar de útwedstriid tsjin Excelsior.

De Jong wol of kin noch gjin opstelling priisjaan foar snein: "Ik wit noch net hoe't ik it dwaan sil. Der binne hjir en dêr wol wat 'pijntjes'. By Schouten en Mac-Intosch, mar ek by de keeper." Dochs liket it der op dat ek dy spilers wol begjinne kinne oan de wedstriid tsjin Excelsior.

We hawwe blauwe skouders fan de kompliminten dy't we krigen hawwe.

Henk de Jong oer de wedstriid tsjin Feyenoord

De ferlerne wedstriid tsjin Feyenoord hat gjin frustraasjes opsmiten, seit De Jong: "We kinne grutsk wêze op hoe't we spile hawwe. Mar wy moatte dêr foar snein ek skerpte úthelje. En we bliuwe der net yn hingjen. Snein binne de punten wer belangryk. We hawwe net iens tiid om de bylden te besjen. Wy binne al wer fierder. We hawwe blauwe skouders fan de kompliminten dy't we krigen hawwe, mar wy moatte skerp bliuwe."

Jacobs kin meidwaan

Jamie Jacobs rekke yn de wedstriid tsjin Jong Ajax blessearre oan de holle. Der binne fiif hechtings yn de foarholle kommen, mar dy gean derút. En dus kin Jacobs spylje tsjin Excelsior. "Er zal wel een tulband omheen komen, maar ik kan spelen. We hebben tot nu toe een fantastisch half jaar gehad. Zondag nog drie punten tegen Excelsior zou prachtig zijn. Daar gaan we vol voor."

Cambuur giet sneon al rjochting Rotterdam. Yn de buert is in hotel reservearre en sa kinne de Ljouwerters yn alle rêst tawurkje nei de lêste kompetysjewedstriid fan dit kalinderjier.

Fermoedlike opstelling Cambuur: Stevens; Schmidt, Schouten, Mac-Intosch, Sambissa; Hoedemakers, Jacobs, Maulun; Antonia, Mühren, Kallon.

Excelsior - SC Cambuur begjint snein om 14.30 oere. Geert van Tuinen docht ferslach by Omrop Fryslân op de radio.

(advertinsje)
(advertinsje)