Súdwest-Fryslân wol ûnderstipers foar alle húsdokters yn de gemeente

20 des 2019 - 16:29

De gemeente Súdwest-Fryslân wol in proef mei saneamde praktykûnderstipers útwreidzje nei alle húsdokterspraktiken yn de gemeente. De ûnderstipers binne spesjalisearre yn de help oan bern mei psychyske klachten en steurnissen.

Foto: Omrop Fryslân

De praktykûnderstipers wurkje sûnt in jier by fyftjin hûsdokterspraktiken yn de gemeente. Bern mei problemen koene yn dy tiid hiel gau te plak en wiene faak mei in pear petearen klear.

"Door deze gezamenlijke aanpak worden de jongeren zoveel mogelijk vroegtijdig, in de eigen omgeving, en zonder wachtlijsten geholpen", seit wethâlder Mark de Man. "Zo voorkomen we dat ze onnodig worden doorverwezen naar de zwaardere, specialistische jeugdhulp."

Húsdokter Douwe van der Weide út Snits

(advertinsje)
(advertinsje)