Boargemaster Buma slút wer wenning yn Ljouwert fanwegen drugsoerlêst

Boargemaster Sybrand Buma hat in wenning oan de Bernhardus Bumastraat yn Ljouwert foar trije moanne sletten. Yn it hûs hat de plysje yn oktober in himpkwekerij mei 170 planten oantroffen. Ek waard der guod fûn dat brûkt wurdt foar profesjonele himptylt, sa as transformatoaren, koalstoffilters en groeimiddels.
© Public Domain Pictures
De boargemaster kin wenningen slute om drugshannel tsjin te gean en drugsrelatearre ûnfeiligens foar te kommen. De gemeente, plysje Noard-Nederlân en it Iepenbier Ministearje wurkje yntinsyf gear om tsjin yllegale drugshannel op te treden.
Der binne yn de gemeente Ljouwert oant no ta yn 2019 33 wenningen sletten op grûn fan de Opiumwet.