Tekoart fan tonnen by iisstadion Thialf: "It is wol akút"

Reedrydstadion Thialf op It Hearrenfean stiet der finansjeel min foar. Thialf hat in tekoart fan hast 700.000 euro en dat rint it kommende jier fierder op. De grutste oarsaak fan de problemen is hegere kosten foar enerzjy. Dy binne de ôfrûne trije jier sawat ferdûbele, skriuwt direkteur Marc Winters yn in brief oan de relaasjes fan Thialf.
Reedriden yn iisstadion Thialf op It Hearrenfean © Omrop Fryslân, Sian Wierda
It tekoart fan 700.000 euro is op in omset fan 3,6 miljoen euro yn it seizoen 2018/2019. Takom jier rint it tekoart op nei 800.000 euro. Foar in slutende begrutting moatte der flinke maatregels komme. "It is wol akút", seit deputearre Sander de Rouwe. "We moatte no yngripe. We freegje elkenien dy't by Thialf belutsen is om mei te tinken. Wat kinne we dwaan, hoe kinne we kosten nei ûnderen bringe en de ynkomsten ferheegje?"

Binnen 100 dagen in plan

De Ried fan Kommissarissen fan Thialf moat binnen 100 dagen, dus yn april 2020, mei in plan komme. "We witte dat der dan noch gjin optimale oplossing is", seit De Rouwe. "Mar we moatte dwaan wat we dwaan kinne. Dan sjogge we yn maart of april wol wêr't we dan steane."

Opposysje hie al soargen

Thialf waard yn 1855 oanlein as natueriisbaan op It Hearrenfean. Al sûnt 1890 wurde der ynternasjonale wedstriden organisearre. Koartlyn waard Thialf renovearre. Dat wie yn 2016 klear. Doe waarden provinsje Fryslân en de gemeente Hearrenfean oandielhâlder. In diel fan de opposysje yn de Provinsjale Steaten makke him doe al soargen oer de finansjele situaasje fan Thialf. "De minsken dy't seine dat it dreech is om de eksploitaasje rûn te krijen, ha ek gelyk", seit De Rouwe.
Ein desimber wurde de NK ôfstannen holden yn it stadion.