20 moanne selstraf foar man dy't kafeemeiwurkster besocht te ferkrêftsjen

20 des 2019 - 15:17

In 30-jierrige Roemeen moat 20 moannen de sel yn omdat er besocht hat in meiwurkster fan in kafee yn De Lemmer te ferkrêftsjen. It Iepenbier Ministearje hie twa jier easke.

Foto: Omrop Fryslân, Joris Kalma

De man hat yn de nacht fan 16 op 17 juny besocht de frou te ferkrêftsjen yn it priveediel fan it kafee. De frou slagge deryn om de man ôf te skodzjen troch him mei in folle bierflesse op 'e holle te slaan.

De plysje fûn de man thús mei pleisters op 'e holle. Hy sei dat er yn it kafee oanfallen wie troch twa manlju en dat er de meiwurkster brûkt hie as skyld. Dat ferhaal leaude de rjochtbank net.

De rjochtbank seit dat de man him liede litten hat troch syn 'lustgefoelens'. It slachtoffer hat it noch net ferwurke. De Roemeen moat har in skeafergoeding fan 1725 euro betelje.

(advertinsje)
(advertinsje)