SC Hearrenfean wiken sûnder Odgaard

20 des 2019 - 14:40

Heracles Almelo foar Hearrenfean wie de alderearste tsjinstanner fan dit seizoen: yn Almelo wiene Friezen doe mei 0-4 folle sterker. No komme de twa ploegen elkoar wer tsjin. "Zij zijn veel verder dan toen", seit trainer Johnny Jansen. "Aan de andere kant, wij hebben ook geweldige stappen gemaakt. Zowel in balbezit als in de verdediging."

Trainer Johnny Jansen:

"Bovendien waren er bepaalde jongens die vorig jaar nog op een dood spoor zaten en die zijn nu weer opgestaan, zoals Rodney Kongolo", giet Jansen fierder. "Eigenlijk ben ik heel tevreden over hoe de eerste competitiehelft is verlopen."

Blessuere Odgaard

Jens Odgaard is der tsjin Heracles Almelo net by. De oanfaller hat mei it bekerduel mei Roda JC in blessuere oan de foet oprûn. It is de ferwachting is dat hy langere tiid (seis wiken) út de rûlaasje wêze sil. Hoe't Jansen de spitsposysje ynfolje sil, dat woe er op freed net sizze. "Daar moeten we met de staf nog een klap op geven en daarna bespreek ik het met de groep."

Heracles Almelo

Hearrenfean hat no al sân punten mear as ferline seizoen foar de winterstop. Mar ek Heracles kin weromsjen op in prima earste seizoenshelte. De Almeloërs steane op it njoggende plak en hawwe mar twa punten minder as Hearrenfean.

Jansen: "Heracles heeft gewoon een goede ploeg, ze hebben middenvelders die graag de bal willen hebben, opkomende backs en buitenspelers die graag aan de binnenkant staan. En ze hebben een spits die goals maakt (Dessers, red.)."

Een spits erbij was onze grootste wens.

Johnny Jansen

SC Hearrenfean hat him freed fersterke mei Runar Espejord. De 23-jierrige Noarske spits hat in kontrakt tekene foar 2,5 seizoen mei in opsje foar noch ien jier. "We wilden heel graag een spits erbij, dat was onze grootste wens. Voor Jens moest er een concurrent zijn. Dan maken ze elkaar beter."

Espejord komt oer fan it Noarske Tromsø, dy ploech degradearre ôfrûne seizoen. Neffens Noarske boarnen hat SC Hearrenfean sa'n fiif ton betelle foar Espejord. Gelyk nei de ûndertekening fan syn kontrakt is Espejord op it fleantúch stapt en werom reizge nei Noarwegen om dêr mei syn famylje de krystdagen te fieren. Yn jannewaris giet er mei de seleksje mei op trainingskamp.

Runar Espejord:

Jansen ferwachtet fierder dat der net in soad feroarje sil. "Ik heb geen grote wensen op mijn verlanglijstje staan!"

Mar de fraach is: wat wol Daniel Høegh? De eardere oanfierder dy't oan it begjin fan dit seizoen syn basisplak kwytrekke is, sit ûngelokkich op 'e bank. Boppedat sil Hearrenfean in oplossing betinke moatte foar Nemanja Mihajlovic. It kontrakt fan de Serviër rint oan de ein fan dit seizoen ôf. Neffens technysk manager Gerry Hamstra mei Mihajlovic ferkocht of ferhierd wurde. Datselde jildt foar middenfjilder Emil Frederiksen.

Technysk manager Gerry Hamstra:

(advertinsje)
(advertinsje)