Freedsmerk oer oppakte Taghi: "Moai, mar se steane yn 'e rige om syn plak yn te nimmen"

Topkriminineel Ridouan Taghi waard fan 'e wike oppakt. Mar neffens de reaksjes op de Ljouwerter freedsmerk is it mar de fraach oft Nederlân no ek feiliger wurden is.
© Omrop Fryslân, René Koster
De 41-jierrige Taghi wurdt ûnder mear fertochte fan belutsenheid by ferskate likwidaasjes. Ek wurdt hy sjoen as in kopstik yn de kokaïnehannel. Fan Dubai waard hy dizze wike mei in charterfleantúch oerbrocht nei Nederlân.
Besikers fan de freedsmerk yn Ljouwert betwivelje dat it gefaar no oer is. "Ik heb begrepen dat ze staan te trappelen om zijn plek in te nemen. De verleiding van het grote geld is te groot." In oar wie benaud foar de mooglike gefolgen: "Miskien komme der wol wraakaksjes of gewelddiedige pogingen om him út de gefangenis te heljen. Mar ja, je kinne him ek net rinne litte!"
Wer in oar fûn it 'hiel belangryk' dat er oppakt is en neamde it 'in knappe prestaasje'. "Mar de ûnderwrâld is sterker as wy tinke. Dat hast wol sjoen mei de oanslach op dy advokaat. Ik bin net optimitysk."
De Freedsmerk oer de arrestaasje fan topkrimineel Ridouan Taghi