Stichting Alde Fryske Tsjerken 50 jier: tentoanstelling yn Fries Museum

Om't Stichting Alde Fryske Tsjerken 50 jier bestiet, is der in spesjale tentoanstelling yn it Fries Museum te sjen: Uit het prentenkabinet, rondje om de kerk. Yn de tentoanstelling binne fan 20 desimber ôf ûnder oare tekeningen, printen en foto's te sjen fan Fryske tsjerken. De stichting ûnderhâldt sels mear as fyftich tsjerken yn de provinsje.
De tsjerke, waach en fiskmerk yn Warkum, makke troch Cornelis Pronk © Fries Museum
De tentoanstelling is te sjen fan 20 desimber oant takom jier 13 desimber. Stichting Alde Fryske Tsjerken hat yn totaal 52 tsjerken, 7 begraafplakken en 2 klokkehuzen yn behear. De útstalling yn it Fries Museum is de ôftraap fan meardere aktiviteiten om it jubileum te fieren.
Stichting Alde Fryske Tsjerken 50 jier © Stichting Alde Fryske Tsjerken