Weromkommen fan Roazebosk op De Jouwer wer in stap tichterby

20 des 2019 - 11:36

It Roazebosk is in lyts bosk tusken De Jouwer en Skarsterbrêge. Sûnt 1975 waard it bosk lykwols trochsnien troch dyk, yn it lêst de A7. Mar no't knooppunt De Jouwer oanpakt is en de sneldyk fuort is, kin it âlde bosk wer wersteld wurde. Gemeente De Fryske Marren hat nei de simmer foarriedige plannen bekend makke. Sûnt septimber leine dy op besjen, en no sil in spesjale wurkgroep mei de reaksjes oan de gong.

De plannen mei it Roazebosk sa't se ta besjen leine - Foto: De Fryske Marren

Sûnt 18 septimber hat it plan op besjen lein, dêr binne in soad reaksjes op kaam neffens de gemeente. Dy reaksjes giene benammen oer it bioferskaat en it belûken fan it súdlike part fan it Roazebosk dêr't Steatsboskbehear eigener fan is. Mei Pleatslik Belang Skarsterbrêge, Feriening Moai Skarsterlân en Steatsboskbehear is in wurkgroep foarme foar fierdere plannen. Ek bewenners fan de wyk Suderfjild dogge mei.

De gemeenteried fan it eardere Skarsterlân hat yn 2012 al tasein it bosk wer op 'e nij ynrjochtsje te wollen. No't de sneldyk en in part fan de Haulstersingel der net mear binne, kin dat ek echt barre. Boppedat is it plan ek part fan de kompensaasje foar de beammen dy't foar it nije knooppunt delhelle binne.

Twa helten wer ferbûn

De twa helten fan it Roazebosk wurde no wer ferbûn. De Fryske Marren wol wer op 'e nij bosk oanplantsje mei lânseigen plantesoarten. Der komme bjirken en iken, mar ek blommemingsels. Ek wurde der paden oanlein, sa't natuer en rekreaasje wer byinoar komme. Fierder komt der in ruterpaad.

It súdlike part fan it Roazebosk is eigendom fan Steatsboskbehear en noch in lytste strook jong bosk is fan de provinsje. Dit súdlike part hearde foarearst net by de nije plannen, mar soe wol oansletten wurde kinne mei paden, joech de gemeente earder al oan. De nije wurkgroep moat dêr no stappen yn meitsje.

Lûdswâl en keunstwurk

De lûdswâl njonken it trasee fan de âlde dyk bliuwt bestean. Oanwenners wolle dat graach en ek is opromjen djoer. Op de lûdswâl by de Sewei stie earder it keunstwurk 'Skip mei lading.' Dat krijt in plak yn it nije Roazebosk, yn oerlis mei keunstner Ids Willemsma.

(advertinsje)
(advertinsje)