Ekstra ryksjild foar twa Fryske lokale omroppen om profesjoneler te wurden

20 des 2019 - 11:13

Twa Fryske lokale omroppen dogge takom jier mei oan in lanlike proef om te ûndersykjen hoe't se profesjoneler wurde kinne. It giet om RTV NOF yn De Westereen, de streekomrop foar Noardeast-Fryslân en Dantumadiel, en de Ljouwerter omrop LEO Middelsé. Se krije dêrom ekstra jild fan it Ryk.

Foto: Omrop Fryslân, Harm Weistra

Yn it hiele lân dogge tweintich omroppen mei oan de pilot. Mei-inoar krije se 2,85 miljoen euro fan it Ryk, boppe-op de fêste subsydzje dy't de omroppen krije fan harren gemeente. LEO Middelsé krijt 110.000 euro en RTV NOF krekt wat minder, nammentlik 107.205 euro, sa hat it Stimuleringsfonds voor de Journalistiek bekend makke.

De lokale omroppen draaie op frijwilligers. By RTV NOF binne der goed 100 frijwilligers aktyf en by LEO Middelsé sa'n 75. It ekstra ryksjild kin ynset wurde foar it oanlûken fan begelieding fan dy frijwilligers en it sterker meitsjen fan de sjoernalistike kwaliteit.

De proef set útein yn maart en duorret in jier. Mei de tydlike regeling fan it fûns jout it kabinet gehoar oan in oprop fan de Twadde Keamer om de lokale omropsektor de kommende jierren te fersterkjen.

Hedzer Kok, bedriuwslieder fan omrop LEO Middelsé

(advertinsje)
(advertinsje)