Nije spits foar SC Hearrenfean: Runar Espejord

SC Hearrenfean hat in nije spits: Runar Espejord. De 23-jierrige Noar hat in kontrakt foar 2,5 jier tekene mei opsje foar in ekstra seizoen. Hy komt oer fan de klup Tromsø yn Noarwegen.
Runar Espejord:
Espejord
Espejord slút him nei de jierwiksel oan by de seleksje fan Johnny Jansen. By Tromsø hat Espejord 107 wedstriden spile, hy hat dêryn 25 goals en 8 assists makke.
Technysk manager Gerry Hamstra seit oer de nije spits: "Iedereen weet dat we op zoek waren naar een extra spits. Runar is een fysiek sterke aanvaller die we al langere tijd volgen en goed bij onze speelstijl past. We zijn blij dat hij na de winterstop in ons shirt speelt."
Ferslachjouwer Arjen de Boer oer de nije spiler fan SC Hearrenfean
Runar Espejord © Martin de Jong