SC Cambuur hellet nije spiler by FC Groningen wei

20 des 2019 - 10:46

Ien dei nei it spektakulêre bekerferlies tsjin Feyenoord presintearret SC Cambuur in nije spiler. It giet om Michael Breij. Dat is in oanfallende middenfjilder. Hy hat in kontrakt tekene foar oardel seizoen.

Michael Breij - Foto: www.orange-pictures.nl

Breij is 22 jier âld. Hy siet by AZ yn de jeugdoplieding, en makke yn 2016 de oerstap nei FC Groningen. Hy spile oant no ta 12 kear yn de earedifyzje, en skoarde dêr ien kear. Hy spile ek foar it Nederlânsk alvetâl ûnder 18 en ûnder 16.

Breij spilet de kommende oardel jier by Cambuur, en hat in klupopsje foar noch in seizoen.

"Al langer op de radar"

Technysk manager Foeke Booy fan Cambuur hie Breij al langer op it each, seit er. "Michael stond al langer bij ons op de radar omdat hij met zijn diepgang en scorend vermogen goed past bij onze manier van spelen."

"Hij kan als aanvallende middenvelder uit de voeten, maar is ook gevaarlijk vanaf de zijkanten. We zijn blij dat we hem aan onze selectie kunnen toevoegen."

(advertinsje)
(advertinsje)