VVD Eaststellingwerf wol minsken yn 'e mjitte komme mei frijskatting skuld

20 des 2019 - 10:15

De VVD-fraksje yn Eaststellingwerf hat tiisdei yn de ried foarsteld om skulden oan de gemeente nei trije jier al frij te skatten, yn stee fan nei fiif oant sân jier. De fraksje wol in ûndersyk oft soks helber is yn de gemeente, om't minsken sa gau as mooglik wer finansjeel ûnôfhinklik wurde moatte.

Foto: Marco Verch, Flickr

Riedslid Evert van Tellingen fan de VVD neamt in proef yn Arnhem as foarbyld. Dêr besiket de gemeente 1.400 minsken út de bystân te heljen troch skulden frij te skatten. Dêrnei wol de gemeente dizze minsken sa gau as mooglik oan in baan helpe. Dat kostet 2,3 miljoen euro, mar moat op de langere termyn jild opsmite om't it bystânsútkearingen skeelt. Neffens it Arnhemske kolleezje wurket it dwersferkeard as misken mei skulden boetes oplein krije.

It giet bygelyks om minsken dy't te folle útkearingsjild krigen hawwe en dat noch werom betelje moatte, of minsken dy't lienbystân krigen hawwe. Skulden as gefolch fan fraude telle net mei. Minsken mei skulden kostje in soad jild foar stipe en soach, en foar de minsken sels smyt it faak stress, sûnensproblemen en opfieding- en relaasjeproblemen.

De VVD stelt foar it kolleezje ûndersykje te litten wat de mooglike kosten en gefolgen binne fan it plan.

Trefwurden: 
VVD Eaststellingwerf skulden
(advertinsje)
(advertinsje)