Trekker rekket tsjil kwyt yn Drachten

20 des 2019 - 10:10

Op de Eikesingel yn Drachten hat in trekker ien fan de bannen ferlern. De trekker stiet dwers oer de dyk, dêrtroch kin it ferkear op dit stuit net fierder. Hoe't de trekker de efterbân ferlear, is net bekend. Mooglik binne de bouten los rekke en is it tsjil der sa ôf kaam.

Foto: ProNews

De plysje is oanwêzich om it ferkear om te lieden. Hoe lang de dyk ticht bliuwt, is net bekend.

(advertinsje)
(advertinsje)