UPDATE: Mear as 20 kij dea by grutte brân yn stâl Aldeholtwâlde

20 des 2019 - 11:45

By in brân yn in stâl yn Aldeholtwâlde binne freedtemoarn mear as 20 kij om it libben kaam. Sy koene de stâl net op tiid út komme. Sa'n 25 oare kij koene wol rêden wurde troch de brânwacht. De bisten wurde troch in feedokter ûndersocht en behannele.

De brân wie by in buorkerij oan de Koaiwei. De flammen sloegen út it dak fan de stâl en de reek wie yn de fiere omjouwing te sjen. Foar safier bekend binne der gjin minsken ferwûne rekke, mar de stâl is folslein ferlern gien, seit wurdfierder Rutger de Groot fan de brânwacht.

De brânwacht wist foar te kommen dat de flammen oersloegen nei oare stâlen.

Foto: ProNews

Wurdfierder Rutger de Groot fan de brânwacht

(advertinsje)
(advertinsje)