Kollum: "Drokte om neat"

"Seis desimber hawwe Jelle en ik nei Fuerza Bruta west. Wy hiene de kaarten al moai op 'e tiid besteld en wiene tige benijd nei dit spektakel. De premjêre op fiif desimber gie net troch om de hurde wyn en dus hiene wy der fierder noch neat oer heard. Fol ferwachting stiene wy yn de tsjustere tinte te wachtsjen op de foarstelling, dy't in oere duorje soe.
Hilda Talsma © Omrop Fryslân
De Toan fan Hilda Talsma
Om in lang ferhaal koart te meitsjen: ik haw my in oere lang ôffrege wannear't it spektakel no begjinne soe. Want fan alles dat ik sjoen haw, fûn ik it fan alles krekt neat. Dêr komt by dat de muzyk sa freeslik lûd wie dat ik it hiele skoft de fingers yn 'e earen hân haw en de bas dreunde sa bot troch myn liif dat ik suver hast benaud wie dat it hinnehok der spontaan útdonderje soe.
Ik wie bliid doe't it 'spektakel' ôfrûn wie en frege oan Jelle wat hy der fan fûn. 'In protte drokte om neat', sei er. In pear froulju dy't boppe ús hollen yn in bad mei wetter omgliden, in man dy't rûn mar net fierder kaam, pypskom dat yn 'e rûnte fleach en lju dy't mei in soad libben en drokte besochten in hok fol Friezen entûsjast te krijen: it hat op ús folslein gjin yndruk makke.
Op 'e weromreis frege ik my ôf oft wy wol normaal binne, want wy fûnen ek neat oan De Stormruiter. Ik hie it doe nei in kertier al besjoen en Jelle woe yn it skoft ek wol nei hûs ta. Dat gie my te fier, mar efterôf besjoen hie dat bêst wol kinnen. Ik wit noch dat ik my doe ek al ôffrege oft wy wol doge, mar dochs kinne wy ek echt wol genietsje, sa as fan it iepenloftspul yn Jorwert of lêst by it stik oer De Tromp.
Ik tink dat wy net minsken fan it spektakel om it spektakel binne. Hoe mear drokte en bombaarje, hoe earder wy ús nocht ha. Dat wie ek sa mei de film Redbad. It wiene allegearre bylden, gefjochten en lûde bombastyske muzyk mar ik koe der mar min in moai ferhaal yn gewaarwurde. Ik sis hjirmei net dat al it boppesteande net goed wie, want der binne genôch minsken dy't der wol fan genieten hawwe.
Ik fyn eat in spektakel as it tagelyk yn 'e basis ek orizjineel is, sa as bygelyks op in skûtsjesile dat hiel skean giet. Of de Alvestêdetocht en de man dy't him swommen hat! Dat fûn ik gâns moaier as in pear froulju dy't yn in bad omheukerje. En Fryske hynders dy't frij yn it lân boartsje en galoppearje fyn ik yndrukwekkender om te sjen as dy earme bisten dy't yn 'e krol lutsen wurde omdat it publyk it sa moai fynt.
Kinst fansels ek net alles moai fine, dat jild ek foar bygelyks myn boeken. Guon lju fine dêr neat oan en dat is prima want der binne genôch oare boeken te keap. Mar ast in boek net moai fynst, kinst it noch fuortjaan of op in merk ferkeapje en dat koene wy net mear mei de kaarten fan Fuerza Bruta.
Op 't heden sjoch ik wol gauris nei de werhellingen fan 'Married with Children' en Al Bundy fyn ik ek in spektakel op himsels. Sadree't ik syn kop sjoch, lis ik al dûbel ek al is er like brút as wat. Om Fuerza Bruta koe ik net gnize en it iennige dat ik brút fûn, wie de priis want 120 euro foar twa kaarten fûn ik in soad jild foar in protte drokte om neat."