Hâlde stikstofmaatregels stân foar Ried fan Steat? De provinsje wit it net

It is op dit stuit net te sizzen oft de stikstofmaatregels dy't it kabinet dizze wike naam hat, hâldber binne foar de rjochter. Dat seit deputearre Sietske Poepjes.
© Omrop Fryslân
Natuerorganisaasjes wolle dat lânbouminister Schouten de stikstofmaatregels werropt. Sy fine dat de maatregels fan de needwet dy't dizze wike oannaam is, juridysk net hâldber binne. As de minister de maatregels net wer ynlûkt, driigje de natuerorganisaasjes nei de rjochter te gean. Miljeu-aktivist Johan Vollebroek hat it stikstofprobleem al yn maaie foar de Ried fan Steat brocht en doe gelyk krige.
Yn de kabinetsmaatregels fan no krije ûnder oare sa'n 3.600 bedriuwen (werûnder in soad Fryske boeren) dy't gjin stikstoffergunning hawwe, in frijstelling. Oars soene in soad bedriuwen en projekten op slot bliuwe. Poepjes ropt alle belutsen partijen op om yn gearwurking nei in oplossing foar de stikstofkrisis te sykjen.
Deputearre Sietske Poepjes oer de stikstofmaatregels