Oergong see nei lân oanpakt, fan Koehoal oant Lauwerseach

20 des 2019 - 08:41

Fan Koehoal oant Lauwerseach moat de oergong fan lân nei see ferbettere wurde: natuerliker, gaadliker en ree foar in takomst wêryn't de see in stik heger komt as no. Dêrfoar leit der 30 miljoen euro oan ryksjild klear dat de kommende tsien jier lang bestege wurde kin.

Oergong see nei lân fan Koehoal oan't Lauwerseach oanpakt

En dat is boppe op jild foar it fersterkjen fan de seediken sels. In part fan it jild giet nei Holwert oan See, mar der wurdt no drok neitocht mei saakkundigen oer oare oplossingen om sâlt en swiet op in goeie wize byinoar te krijen op oare plakken by de kust del.

Ien fan de partijen dy't dêr yn meipraat, is It Fryske Gea. De natuerbehearder hat in hiel grut part fan it bûtendykse lân yn hannen. "Wy wolle eins dat oeral by de Waadsee in natuerlike râne sit. Dat is tige wichtich foar de fûgels, de fisken en ek foar de minsk om fan te genietsjen", seit haad Natuerkwaliteit Chris Bakker fan It Fryske Gea.

De kwelder by Wierum ferdwynt stadich oan yn see - Foto: Remco de Vries

It lân meigroeie litte

It jild komt fan twa ministearjes en is ûnderdiel fan de saneamde Programmatische Aanpak Grote Wateren. Hiel lang is der fan alles dien om de see sa hurd mooglik te kearen, mar dat liket op de lange termyn net oeral de bêste oanpak. Want as je it goed dogge, kin de see sa sels kwelders bouwe en sa kin it lân mei de kommende seespegelstiging meigroeie. Soks hoecht net allinnich bûtendyks te barren, mar kin ek binnendyks op bygelyks lân dat no al sâlter wurdt. Yn Grinslân rint in projekt wêrby't sa binnendyks lân wer heger komt te lizzen trochdat de see nije klaai oanfiert.

It nije ôfstreamkanaal troch it Noarderleech by gemaal de Heining - Foto: Remco de Vries, Omrop Fryslân

Der wurdt al langer wurke oan bettere oergongen fan swiet nei sâlt lykas by de oanlis fan it nije gemaal de Heining by it Noarderleech en de komst fan de fiskmigraasjerivier yn de Ofslútdyk. Op it stuit lizze der noch gjin nije konkrete plannen, mar wurde der benammen mooglike oplossingen yn kaart brocht. Bakker: "Der is alle tiid om goed nei te tinken oer hokker oplossingen der binne en om te sjen wat de minsken wolle dy't binnendyks wenje. En dat sil op elts plak ferskille. Want as der bûtendyks in kwelder leit, hast it oer hiele oare oplossingen as wannear't der gjin kwelder is."

Wierumer kwelder

Der binne wol foarbylden dy't reedlik foar de hân lizze as it giet om it meitsjen fan in bettere oergong fan see nei lân. Nim no de Wierumer kwelder. "Dat wie in grutte kwelder, mar dêr is eins noch mar in lyts stikje fan oer. As dat wer wat grutter wurdt, betsjut dat mear feiligens foar de dyk, is it goed foar de fûgels dy't der rêste wolle by heech wetter en is it moai om nei te sjen foar de minsken", seit Chris Bakker.

De kust tusken Koehoal en Westhoek - Foto: Remco de Vries, Omrop Fryslân

Haad natuerkwaliteit Chris Bakker fan It Fryske Gea

(Advertinsje)
(Advertinsje)