Euromunten fan man út Bears terjochte wegere troch De Nederlandse Bank

De Nederlandse Bank hat de goed tûzen euromunten fan Rob Smedema út Bears terjochte wegere. Dat hat de rjochtbank bepaald yn in saak dy't troch Smedema sels oanspand is. Hy woe de munten rêde, mar de rjochter wie it net mei him iens.
© ANP
De Nederlânske Bank woe de munten net hawwe, omdat se der te min oan ta wiene. De munten kamen út in ôffalrecycleproses. Smedema hie se kocht fan in sakeman út Sina. Dy koe de munten yn syn eigen lân net ynleverje en ferkocht se doe mar.
Smedema stoarte de munten yn Nederlân by in bank en krige it jild op syn rekken byskrean. Mar yn de bak fan de jildstoartmasine bleaune 1032 achter, dy't de masine net akseptearre. Se wiene te bot skansearre omdat se yn in trommel skjinmakke en mei gemikalyen behannele wiene.
Alle munten binne ûndersocht by it Nationaal Analysecentrum voor Munten (NACM). De konklúzje wie dat de munten te folle skansearre wiene en dêrom net geskikt om te beteljen. Dat wie ek it oardiel fan de rjochter.