Sterk Cambuur ferliest yn einfaze mei 1-2 fan Feyenoord
SC Cambuur hat yn eigen hûs de KNVB-bekerwedstriid mei 1-2 ferlern fan Feyenoord. De Ljouwerters wiene yn de earste helte folle sterker as de Rotterdammers, mar koene dat net útdrukke yn de skoare. Uteinlik waard it 1-2 foar de Rotterdammers.
Yn in útferkocht stadion begûn Cambuur sterk tsjin de Rotterdammers. Yn de earste helte hie de ploech fan Henk de Jong de wedstriid ûnder kontrole en krige se kânsen om op foarsprong te kommen. De earste kâns wie foar Mitchel Paulissen. Syn skot gie rjocht yn de hannen fan keeper Kenneth Vermeer. Nei goed tsien minuten waard Issa Kallon moai frij spile oan de linkerkant fan it fjild. Syn skot koe noch krekt út de goal hâlden wurden troch Vermeer.
De baas yn earste helte
Nei de earste tsien minuten gie Cambuur troch mei goed fuotbal. Mar ûnder oare in kopbal fan Kallon gie neist en by in gribus foar de goal fan Feynoord koe gjinien de bal yn de goal krije. Nei in heal oere joegen de Rotterdammers de earste spjeldeprip. Nicolai Jørgensen koe frij ynsjitte yn it strafskopgebiet en keeper Sonny Stevens koe mar krekt it skot keare.
De grutste kâns yn de earste helte wie efkes letter foar Erik Schouten. Ut in hoekskop yn de 33e minút kopte de oanfierder fan Cambuur de bal op de peal. Nettsjinsteande it grutte tal kânsen, tolve skotten yn totaal, giene de Ljouwerters mei in 0-0 stân de rêst yn.
Feyenoord begûn yn Ljouwert mei harren sterkste opstelling. Wylst trainer Henk de Jong net mei Robert Mühren, Jarchinio Antonia en Jamie Jacobs begjinne koe. De trije spilers wiene blessearre.
Nei de rêst gie Cambuur troch wêr't se yn de earste helte bleaun wiene. Yn de 48e minút krige Paulissen de bal op tûke wize mei fan Maulun. Mar wer koe Feyenoord-keeper Vermeer rêding bringe. Dochs waard Feyenoord gefaarliker. In útbraak fia Berghuis kaam terjochte by Jørgensen, mar hy skode de bal krekt njonken de goal.
Dochs op efterstân
Trochdat Cambuur de oermacht op it fjild net útdrukke koe op it skoareboerd, pakten de Rotterdammers nei 67 minuten de foarsprong yn de wedstriid. Fan de râne fan it sechtjinmetergebiet helle Berghuis út en skeat de bal op prachtige wize yn de krusing: 0-1.
Gau krige Cambuur de kâns om op likense hichte te kommen. Renato Tapia helle spits Delano Ladan ûnderút yn it strafskopgebiet en de bal gie op de stip. Maulun naam plak efter de bal en skeat mei in strak skot de Ljouwerters op 1-1. Troch de oertrêding koe Ladan net mear fierder en waard er ferfongen troch Ragnar Oratmangoen.
Nei de 1-1 wiene Cambuur en Feyenoord lykweardich oaninoar. Earst kaam Cambuur goed fuort, doe't in skot fan Jens Toornstra op de ûnderkant fan de latte út it goal stuitere. Dêrnei einige in fan rjochting feroare skot fan Steven Akoy op it dak fan it doel fan de Rotterdammers.
Ein Cambuur troch eigen goal
Mei noch fiif minuten te gean like in ferlinging deroan te kommen. Mar dat barde net. Yn de 86e minút wie it de fan efter meikaam ferdigener Marco Senesi dy't nei in oerstapke fan Berghuis foar de 1-2 like te soargen. Ferdigener Doke Schmidt koe op de line gjin rêding bringe, fia de peal en Schmidt belâne de bal yn de goal: 1-2.
Cambuur smiet dêrnei alles op de oanfal. Dat soarge noch foar kânsen yn de fjouwer minuten ekstra tiid, mar de Ljouwerters koene de bal net mear efter Vermeer krije.
SC Cambuur - Feyenoord: 1-2 (0-0) 67. 0-1 Berghuis, 75. 1-1 Maulun, 86. 1-2 Senesi
Opstelling Cambuur: Stevens; Schmidt, Mac-Intosch (88/Van der Kaap), Schouten, Sambissa; Hoedemakers, Akoy, Maulun; Kallon, Ladan (75/Oratmangoen), Paulissen.