Noppert yn beslissende set troch nei tredde ronde WK darten

19 des 2019 - 22:29

Danny Noppert fan De Jouwer hat tongersdeitejûn de tredde ronde fan it wrâldkampioenskip darten yn Londen berikt. De 28-jierrige Fries wûn yn in spannende wedstriid mei 3-2 yn sets fan Callan Rydz út Ingelân.

Foto: Orange Pictures

De earste set fan de wedstriid gie frij ienfâldich nei Callan Rydz. Noppert koe reedlik bybliuwe, mar slagge der net yn it Rydz echt dreech te meitsjen. Dy pakte mei 3-1 yn legs de earste set. Dêrnei koe de Jouster syn nivo ferheegje. Dochs waard it 2-2 yn legs, mar Noppert bleau skerp. In finish fan 170 gie krekt mis op de bullseye, mar fia dûbel acht pakte hy de twadde set.

Beslissende set

Dêrnei wie it stuorke wikseljen foar beide darters. Rydz pakte de tredde set, mar seach Noppert yn de fjirde wer goed weromkomme. Yn de beslissende lêste set kaam it brekpunt by 1-1. Mei Rydz tichteby in dûbel smiet Danny Noppert in 110-finish út. Mei in 180 en net folle letter ek in dûbel sechtjin pakte de Jouster de oerwinning: 3-2.

Noppert einige de wedstriid mei in gemiddelde fan 93,25. Rydz sakke oan de ein fan de partij yn en kaam úteinlik op 87,09 út. Sneintejûn spilet Danny Noppert de tredde ronde fan it WK tsjin Kim Huybrechts út België.

It wrâldkampioenskip darten yn Londen is it grutste toernoai fan it jier fan it profbûn PDC. De wedstriden wurde spile yn it Alexandra Palace, yn it noarden fan de Ingelske haadstêd. Foar de winner fan de finale, dy't op 1 jannewaris 2020 spile wurdt, leit in heal miljoen pûn oan prizejild klear.

Trefwurden: 
WK Danny Noppert darten
(advertinsje)
(advertinsje)