Fries Museum hat nei suksesfol jier miljoen tekoart foar goede programmearring

It Fries Museum siket noch ien miljoen euro om de kommende jierren wer grutte útstallingen binnen te heljen. Wol it museum op it nivo komme fan it Grinzer en Drintsk museum, dan hawwe se in begrutting fan sân miljoen euro nedich. Op it stuit leit de begrutting fan it Fries Museum op 4,5 miljoen euro.
Fries Museum © Fries Museum
It wie in drok jier foar it Fries Museum. Op de ferskate útstallingen kamen 140.000 besikers ôf, ûnder wa goed 20.000 bern. Mar dat hat it museum wol wat koste, seit direkteur Kris Callens. "We hebben dit jaar laten zien dat investeren loont. Als je mooie exposities hebt zoals 'Rembrandt en Saskia', zie je dat bezoekers ervoor naar Fryslân komen."
Dy besikers jouwe de provinsje in grutte ekonomyske ympuls, seit Callens: "We hebben de investering alleen gedaan met eigen geld uit de reserve. Die hebben we aan kunnen leggen met dank aan het succes van de afgelopen jaren. Maar de keerzijde is dat we dat geld nu niet meer hebben voor de toekomst."

Utstallingen smite soad jild op

Neffens Callens soargje de útstallingen foar in soad ekstra útjeften yn de provinsje: dit jier allinnich al fiif miljoen euro. Dêr sjocht it museum neat fan werom. Callens: "Dit jaar vijf miljoen, vorig jaar zelfs 15 miljoen. Maar er stroomt niet veel terug richting ons museum. Voor kleinere bedrijven is het niet evident ons te sponsoren."
It Fries Museum wol dan ek op syk nei ekstra middels. Dêrfoar binne se al yn petear mei ûnder oare de provinsje Fryslân. Callens: "We hebben laten zien wat we waard zijn. De gesprekken die we nu voeren, gaan erover welke ambitie we hebben en welke middelen daar dan bij passen."
Mei de begrutting fan no kin it Fries Museum de kolleksje ûnderhâlde en moat it mooglik wêze 80.000 besikers yn it jier te heljen. Mei de ekstra ynvestearring is it slagge dat tal omheech te bringen nei de 140.000.
Direkteur Kris Callens fan it Fries Museum
De meast suksesfolle útstalling wie 'Rembrandt en Saskia: Liefde in de Gouden Eeuw'. Dêr kamen 76.000 besikers op ôf. De útstalling oer de Fikingen hat oant no ta al hast 40.000 besikers lutsen.