Slachtemaraton hat nije sponsor en wol top-amateurrinners de maraton belibje litte

19 des 2019 - 20:45

De Slachtemaraton hat in nije partner foar de edysje fan takom jier. Enerzjybedriuw GroenLeven wol it evenemint finansjeel en mei middelen stypje. De organisaasje fan de maraton mikt foar de wedstriid op safolle mooglik topamateurs.

Foto: Omrop Fryslân, Ben de Jager

De Slachtemaraton, mei in wedstriidmaraton en in kuierdiel, wurdt ien kear yn de fjouwer jier hâlden. Yn 2018 soe de sechsde edysje wêze, mar yn it Kulturele Haadstêdjier wie der te min belangstelling en gie it oer. It wurdt no takom jier. Kommend jier op 13 juny ferwachtet de organisaasje mear as 13.000 kuierders en dêrneist ek noch 1.750 wedstriidrinners.

Hoe sit dy gearwurking tusken Groenleven en de Slachtemaraton dan krekt?

It bestjoer fan de Slachtemaraton en Groenleven sitte kwa enerzjytransysje op deselde line. Ek op persoanlik mêd hawwe de bestjoersleden in klik mei-inoar. De grutte tocht sil ferduorsumje moatte. Dêr set Groenleven him ek foar yn. Konkreet betsjut dat, dat der gjin disel-aggregaten mear delset wurde, mar batterijen dy't mei sinne-enerzjy opladen wurde.

Dêrneist wurdt ek de ferbining socht mei de mienskip lâns de route, sadat yn de doarpen gebrûk makke wurde kin fan skjinnere enerzjyfoarmen. "It wurdt gjin Slachtemaraton dêr't de dielnimmers ûnder de flaggen en banners bedobbe wurde. Mei sinnepanielen soene bygelyks ek teksten makke wurde kinne, tagelyk wekke se dan stroom op dy't wy by de tocht wer brûke kinne," seit foarsitter Anne Jochum de Vries.

Ynskriuwing

Op 11 jannewaris 2020 om seis oere moarns kinne de freonen fan de Slachte harren kaarten bestelle foar de tocht dêr't 13.500 kuierders en 1.750 wedstriidrinners oan de start ferwachte wurde. In wike letter, op 18 jannewaris 2020 om seis oere moarns meie de minsken dy gjin freon fan 'e Slachte binne kaarten keapje.

Ferhalen yn it gebiet oersette nei de tocht

In soad ferhalen yn de doarpen en de mienskip dêr't de Slachtemaraton delgiet, moatte oerset wurde nei de tocht sels. Artistyk lieder Marten Winters hat dy opdracht krigen. Hy sjocht in soad mooglikheden om yn gearwurking mei de omlizzende doarpen, keunstners en skriuwers in prachtige belibbing del te setten.

Trefwurden: 
sponsor Slachtemaraton
(advertinsje)
(advertinsje)