Johan Derksen: Cambuur kin útgroeie ta in grutte klup

19 des 2019 - 20:20

TV-koryfee en âld-fuotballer fan SC Cambuur Johan Derksen sjocht kânsen foar de Ljouwerters tongersdeitejûn tsjin Feyenoord, en tinkt dat der yn Ljouwert romte is foar in earedifyzjeklup. "Cambuur heeft altijd, in mijn tijd al, de mogelijkheden gehad om uit te groeien tot een grote club."

Foto: ANP

Yn tsjinstelling ta SC Hearrenfean is SC Cambuur gjin fêste klant yn de earedifyzje. "Die boeren zijn helemaal over Cambuur heen gegaan. Dat vind ik toch wel een beetje een afgang. En Cambuur had al lang een soort FC Groningen moeten zijn."

Fjouwer jier foar Cambuur

Fan 1968 oant 1972 spile Derksen foar Cambuur. Yn 1971 stie er ek tsjinoer Feyenoord yn de beker dêr't Derksen noch hands makke yn it strafskopgebiet. "Dat kan ik mij helemaal niet meer herinneren. Dat ik hands gemaakt heb." In oare wedstriid tusken Cambuur en Feyenoord kin Derksen him noch wol goed herinnerje. "In de voorbereiding op het seizoen. Dat is ontaard in een waanzinnige schoppartij." Dat ferwachtet Derksen net fan de bekerwedstriid fan tongersdeitejûn. "Ik voetbal niet meer, hè. En bij Feyenoord lopen er ook geen Israëls en Laseroms meer."

Kâns tsjin Feyenoord

Johan Derksen tinkt dat der in kâns is dat Cambuur foar it earst yn de histoarje fan de klup winne kin fan Feyenoord. "Dat Feyenoord heeft een bloedhekel om op kunstgras te spelen. En het is natuurlijk een heel middelmatig elftalletje." De Ljouwerters hawwe in spesjaal plak yn it hert fan Derksen. "Ik volg Cambuur altijd met interesse. Ik heb er tenslotte vier jaar gespeeld. Ik heb het bij geen enkele club zo lang volgehouden."

Er zijn natuurlijk allerlei idioten en clowns de laatste jaren langs geweest die allerlei verkeerde beslissingen namen.

Johan Derksen

Romte foar earedifyzje

De Ljouwerters meitsje in goede perioade troch. Dat hat ûnder oare mei de hjoeddeistige lieding te krijen, seit Derksen. "Er zijn natuurlijk allerlei idioten en clowns de laatste jaren langs geweest die allerlei verkeerde beslissingen namen. Dat is wel jammer, hoor." Derksen is der fan oertsjûge dat der yn Ljouwert romte is foar in earedifysjeklup. "De gemeente wil wel, de industrie wil wel en het publiek ook. Als Cambuur drie keer wint, zijn ze er allemaal weer. Ik vind het een uitstekend klimaat voor een goede eredivisieclub."

Harkje hjir nei it petear mei Johan Derksen

(advertinsje)
(advertinsje)